Helikoptercrash Aruba net troch technysk mankemint feroarsake

De helikoptercrash by Aruba dêr't fleaner Christine Martens fan Ljouwert ferline moanne by om it libben kaam, is nei alle gedachten net feroarsake troch in technyske of meganyske steuring. Dat meldt de Inspectie Veiligheid Defensie op basis fan de earste ûndersyksresultaten.
Keamerfoarsitter Khadija Arib en minister fan definsje Ank Bijleveld op in seremoanje foar de omkommen militêren © ANP
Ut ûndersyk fan de ûnder oare de swarte doaze docht bliken dat de gefjochtshelikopter ûnferwachte nei ûnderen gie en yn see stoarte. It is noch net dúdlik hoe't dat koe. Njonken Christine Martens fan Ljouwert kaam ek taktysk koördinator Erwin Warnies om it libben. Twa oare militêren oerlibben de crash.