Operaasje Fryske Flagge: Bregtje Sijtsma wennet yn Skotlân; "Fryske flagge jout my in gesellichheidsgefoel"

07 aug 2020 - 14:44

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Wa't dat al dien hat, is Bregtje Sijtsma, se wennet yn Skotlân.

Foto: Froukje Sijtsma

Bregtje Sijtsma wennet sûnt 2010 yn Alltnacriche by Aviemore yn de Skotske Heechlannen. Se stiet mei de Fryske flagge op de foto mei op de eftergrûn Schotse Hooglanders.

Se is berne en hikke en tein yn Hallum. Yn 2010 ferhuze se nei de stêd Inverness om dêr Culture Studies te studearjen oan de University of the Highlands and Islands. "Ik ha altyd wol in passy hân foar taal en kultuer. Ik ha myn dream folge en bin nei Skotlân ferhuze. Ik pas gewoan goed yn de kultuer. Al sûnt myn 15de ha ik in foarleafde foar Skotlân, dat kaam troch in Skotske telefyzjesearje, dy taal is geweldich, it klinkt sa moai. Ik ha wol it Skotske aksint, dat sit ek yn myn Frysk."

Se wurke 2,5 jier yn in outdoorcentre by Loch Tay. En wurket sûnt 2 jier yn in oar outdoorcentre yn it Cairngorms National Park.

Wat hasto mei de Fryske flagge?

"It jout my in gesellichheidsgefoel en in fakânsjegefoel. De flagge wie op it boatsje as we te silen gienen en by it doarpsfeest. Ik ha him hjir lêsten ek úthongen, doe waard ik 30 jier. De Fryske ha ik neist de Skotske flagge ophongen, minsken seinen wat in leuke hartsjes."

"Ik identifisearje my mear mei de Fryske kultuer as mei de Hollânske. Ik haw yn de ôfrûne tsien jier hast gjin wurd Nederlânsk skreaun en praat, mar wol Frysk mei famylje."

Bregtje Sijtsma

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel is om foarinoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al hast 80 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)