Bonus foar Lankhorst-minsken

13 jul 2012 - 16:30

Neffens direkteur José Gramaxo fan Lankhorst/Euronete is de oername fan Lankhorst troch it Amerikaanske concern WireCo Worldgroup goed nijs foar it fabryk yn Snits. Troch de oername krijt Lankhorst in bettere tagong ta de wrâldmerk. Der steane yn Snits gjin banen op de tocht. Krekt oarsom, de aktiviteiten fan Lankhorst binne in moaie oanfolling op de aktiviteiten fan de oare festigings fan de Amerikaanske kabelprodusint.

De meiwurkers fan Lankhorst Snits binne ynformearre oer de oername. Sy krigen dêrby in bonus tasein.

Hoe heech de bonus krekt is hat it bedriuw net bekend makke, omdat dat as in 'ynterne oangelegenheid' sjoen wurdt. Ek is net bekend makke wat de WireCo Worldgroup krekt foar it Snitser bedriuw betellet.

(advertinsje)