Restaurant Halve Maan yn Dokkum ticht fanwegen corona

Restaurant Halve Maan oan de Diepswal yn Dokkum is mei yngong fan freed ticht, om't in famyljelid fan twa meiwurkers posityf test hat op it coronafirus. De twa meiwurkers binne nei hûs stjoerd en wurde freed test.
Menukaart © Shutterstock.com
Ofrûne tongersdei waard bekend dat it famyljelid fan de twa personielsleden in positive coronatest werom krige hie. Om de feiligens fan it personiel en de gasten fan it restaurant net yn gefaar te bringen, hat de eigener fan it restaurant besletten de doarren ticht te hâlden oant de útslach bekend is.