Gjin Frysk folksliet foar SC Hearrenfean - Vitesse

Sportklup Hearrenfean spilet freedtemiddei foarôfgeand oan de oefenwedstriid tsjin Vitesse gjin Frysk folksliet. It is ferbean om te sjongen yn fuotbalstadions, om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean.
© www.orange-pictures.nl
It is tradysje yn it Abe Lenstrastadion om foar de wedstriden fan SC Hearrenfean it Fryske folksliet te spyljen, mar dat giet dit kear net troch. De klup fynt it spitich dat se it folksliet net spylje kinne, mar wol him hâlde oan de regels.
SC Hearrenfean - Vitesse begjint freedtemiddei om 14:30 oere. Omrop Fryslân stjoert de wedstriid online live út.