Ferminging klaai en fean tsjin boaiemdelgong yn feangreidegebiet

Der liket in oplossing foar it boaiemdelgong- en CO2-útstjitprobleem yn it feangreidegebiet: it fermingen fan klaai troch de feangrûn. Ut undersyk docht bliken dat it mingen fan de grûnsoarten de oksidaasje fan CO2 foar in grut part foarkomt. Yn Fryslân is dêrom de pilot 'Klei IN Veen' opsetten om praktykûnderfining op te dwaan.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn de Krimpenerwaard yn Súd-Hollân wurdt al eksperimintearre mei klaai yn fean troch klaai in ferbining oangean te litten mei de organyske stof út fean. Dat soe feanoksidaasje en dêrmei boaiemdelgong en CO2-útstjit ferminderje. Yn dat gebiet waard opmurken dat yn feangrûn dêr't elts jier rivierwetter oerhinne streamt en klaai achterbliuwt, minder sprake is fan boaiemdelgong as wêr't dat net barde.

Undersyk

Yn dat feangebiet is dêrom yn 2018 ûndersyk úteinsetten. Yn 2019 is Fryslân dêrby oanheakke foar labaratoariumûndersyk nei CO2-emisjes fan Frysk fean en Fryske klaai. Freedtemiddei is der, yn it ramt fan it opdwaan fan praktykûnderfining, in demonstraasje by de maatskippen Holtrop en Boon yn Dolsterhuzen.
"Wy besykje mei dizze pilot te sjen oft der ek oare 'wegen naar Rome' liede. Dus kinne wy op in oare manier sjen oft wy de CO2-útstjit beheine, mar dochs op in wize dêr't wy goed op wurkje kinne?", leit Minne Holtrop út oer de pilot op syn hiem.
Minne Holtrop oer it eksperimint
De saakkundige dy't by beide proeven belutsen is, is Ruud van Uffelen. Hy is realistysk oer wat je mei dizze metoade berikke kinne. "We gaan het vertragen, we schatten dat we een derde van de snelheid er af kunnen halen. Misschien de helft, maar meer dan dat is het niet. Het werk eigenlijk net zoals vroeger, toen de rivier nog af en toe over de veenweide liep en een dun laagje klei op het veen achterliet. Die klei pakt het veen wat in, de toetreding van zuurstof wordt minder, de afbraak daalt en daardoor ontstaat er een klei-humuscomplex. Die zijn stabieler dan veen alleen."
Hy tinkt wol dat der in bliuwende feroaring makke wurde kin. "Klei is een mineraal, dus als je het eenmaal hebt gedaan dan blijft het er in zitten. Misschien spoelt het een beetje uit of mengt het met de ondergrond, maar wij denken met vijf behandelingen een permanente verandering te bewerkstelligen. Maar de tijd dringt, we moeten snel aan de gang."
Ruud van Uffelen