17 nije coronabesmettings; soarch oer oprinnende Fryske coronasifers

07 aug 2020 - 12:00

Yn Fryslân binne der yn ien wike tiid 17 nije coronabesmettings foar it ljocht kaam. Dat meldt GGD Fryslân. Dat is it heechste oantal sûnt 1 juny, doe't it nije testbelied fan krêft waard en eltsenien mei coronaklachten him teste litte koe. Foarige wike wiene der 'mar' fjouwer nije gefallen. Om't it hieltyd drokker wurdt, nimt GGD Fryslân 80 nije meiwurkers oan, benammen boarne- en kontaktûndersikers.

"Ik fyn dat je hjir wol fan skrikke meie", seit Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân. "De kâns dat it eksponinsjeel tanimt, wurdt hieltyd grutter. It is echt wol reden ta soarch." GGD Fryslân en de Feilichheidsregio meitsje har soargen om de fersprieding fan it firus, benammen ûnder jongerein. Ut de positive gefallen en boarne- en kontaktûndersiken docht bliken dat dy geregeld oan it feestfieren is.

Dat sjogge de ynstânsjes bygelyks yn Dokkum, dêr't it firus nei in feestje as in rinnend fjurke fierdergien is. "Wat opfalt, is dat sy allegear klachten hiene en sy holden gjin ôfstân. Dan is it samar foar elkoar. Dêr moatte we ús folle better fan bewust wêze. Bûtenloft is gjin garânsje dat je net besmet reitsje." De besmettings yn Dokkum wurde in kluster neamd. "Oant no ta hiene we noch net sokke klusters, mar we ferwachtsje de kommende wiken mear te finen."

Unfoldwaande bewust

Jongerein lykje har ûnfoldwaande bewust te wêzen fan it feit dat se it firus yn de kroech en op feestjes oprinne kinne. Se bliuwe somtiden trochrinnen mei klachten. Dêrmei kinne se deroan bydrage dat it firus rapper weromkomt. Dêrom sizze GGD Fryslân en de Feilichheidsregio mei klam dat de sifers leech bliuwe as eltsenien him oan de maatregels en rjochtlinen hâldt.

Nije meiwurkers GGD

De nije meiwurkers dy't GGD Fryslân no siket, binne nedich om by in stiging yn Fryslân it firus beheine te kinnen. Mar ek om't GGD Fryslân op dit stuit ûndersiken docht foar Rotterdam. Dêr is in soad drokte fanwege de rappe tanimming.

De sûnenstsjinst siket op koarte termyn sa'n 60 nije kollega's foar boarne- en kontaktûndersyk. Ek binne der tsien minsken nedich dy't yn testsintra coronameunsters by minsken mei klachten ôfnimme kinne en oan tsien triaazjeferpleechkundigen.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn Fryslân binne dizze wike 2.152 minsken op corona test. Dat binne der 264 minder yn ferliking mei de wike dêrfoar. Yn totaal binne no 667 ynwenners fan Fryslân posityf test op corona. Ek dizze wike hawwe der gjin meldings by de GGD west fan sikehûsopnames of ferstjerrens fan persoanen mei corona. Dat lêste sifer stiet al sûnt begjin juny op 69. Under de nije posityf teste minsken binne gjin bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûzen.

"Unferstannich en asosjaal"

Lanlik sjoen nimt it oantal besmettings ek ta. Kleinhuis: "Minsken moatte har teste litte. We stean der klear foar, dus doch dat ek. En bliuw thús! We hiene in gefal fan ien dy't him teste liet en dochs op 'en paad gie. Dy fine we dan wer op in hiel oar plak werom. Dat is hiel ûnferstannich en gewoan asosjaal, want do bringst oaren yn gefaar!"

Wim Kleinhuis, foarsitter fan Feilichheidsregio Fryslân

Wa't klachten hat, kin him foar in test melde fia 0800-1202 en op de Waadeilannen by de húsdokters. Salang't de útslach fan de test net binnen is, jildt it advys om dy thús ôf te wachtsjen, sels as dat troch drokte langer duorret as oankundige.

(advertinsje)
(advertinsje)