Op twa plakken blau-alch metten; mear ferwachte mei waarme waar

07 aug 2020 - 11:55

Mei dizze waarme dagen sykje minsken al gau it iepen wetter op om ôf te kuoljen. Mar swimmers moatte dizze der dagen goed omtinken oft it wetter dêr't se in dûk yn nimme wol sûn is. Op ferskate plakken is al blau-alch fûn, sa ek by de Grutte Wielen en de Aldegeaster Brekken.

Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch - Foto: Omrop Fryslân Oane Hoekstra

De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) hâldt alle 50 Fryske swimlokaasjes yn de gaten. "No is op twa plakken blau-alch ûntdutsen", fertelt Isaak de Vries fan de FUMO. "It Wetterskip nimt meunsters en as de baktearje fûn wurdt, folget der in warskôging. Op dizze plakken is noch net in negatyf swimadvys, dus it swimmen is op eigen risiko."

Blau-alch is in baktearje. "Je kinne goed siik fan wurde, it jout klachten oan mage en terms en hûdútslach." As it oantroffen is, sette se giele buorden del mei in warskôging.

Mei de waarmte fan de kommende dagen ferwachtet er dat op mear plakken blau-alch oantroffen wurde sil. "It wetter is no oeral sa'n 22 graden. Dus hâld it sels goed yn de gaten oft it wetter fris is en oft it trochstreamt."

Noch wat tips: hâld de holle boppe wetter, soargje datst gjin wetter binnen krijst en stap nei de tiid ûnder de dûs.

Isaak de Vries fan de FUMO

De meast resinte ynfo oer blau-alch yn iepen swimwetter is te finen op de webside www.zwemwater.nl.

Trefwurden: 
simmer waarmte blau-alch FUMO
(advertinsje)
(advertinsje)