Rûnreizgjend lânskipsfestival komt nei it Waad ta

07 aug 2020 - 10:59

It Waadgebiet is yn 2023 it poadium fan de nasjonale 'Landschapstriënnale', in manifestaasje mei eksposysjes, seminars, debatten, ekskurzjes, optredens en oare gearkomsten oer it ferline, it no en de takomst fan it Nederlânske lânskip. It evenemint wurdt eltse trije jier op in oar plak yn Nederlân organisearre sadat de fokus lein wurde kin op spesifike opjeften, ûntwikkelings en tema's.

Foto: Jonathan Doornenbal/Sense of Place

Doel fan de triënnale is it ferbreedzjen fan de maatskiplike belutsenens by it lânskip, it ferdjipjen fan ynsichten en it ferhastigjen fan ûntwikkelings. Dit wurdt ûnder mear dien mei ûndersyk en it stimulearjen fan nije inisjativen. Under de titel 'Dynamische Delta' wurdt de fokus lein op it Waadkustgebiet. Wichtichste reden om de Landschapstriënnale by de Waaddyk del te hâlden, is de nije dykferswierring dy't yn dat jier úteinset.

Ideeën foar de takomst

Op ferskate plakken by de dyk del komme laboratoaria foar ûntwerpend ûndersyk. Dêr sille kennispartners, ekonomyske dragers, maatskiplike organisaasjes en boargerinisjativen oan de slach mei ideeën foar de takomst. Ferspraat oer 2023 binne der aktiviteiten lâns de Waaddyk fan Den Helder oant Delfzijl. It hert fan de manifestaasje komt by Blije te lizzen.

De manifestaasje is ûnder oare yn gearwurking mei de gemeente Noardeast-Fryslân, Wetterskip Fryslân en LF2028.

"Tige grutsk"

Deputearre Douwe Hoogland: "De provinsje Fryslân is tige grutsk op dizze útferkiezing. De Landschapstriënnale jout ús de gelegenheid yn ús regio omtinken te freegjen foar it lânskip fan de takomst. De fersterking fan de Waadddyk troch it Wetterskip is in grutte lânskiplike yngreep dy't kânsen jout om de kwaliteiten fan dit gebiet út te fergrutsjen en te presintearjen oan in breed publyk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)