WireCo nimt Lankhorst oer

13 jul 2012 - 15:12

It Snitser bedriuw Lankhorst is oernommen troch in Amerikaansk bedriuw. It giet om de WireCo World Group, de grutste produsint yn de wrâld op it mêd fan kabels. It soe gean om ien fan de grutste oernames yn Fryslân fan de lêste tiid.

Lankhorst Snits bestiet mear as twahûndert jier en is ea begûn as toufabryk. De WireCo World Group hat festigings rûnom oer de wrâld, ek yn Nederlân. It ôfrûne foarjier iepene Lankhorst noch in nije produksjehal yn Snits.

Neffens José Gramaxo fan Lankhorst/Euronete is de oername 'goed nijs' foar Lankhorst. It bedriuw hat no in bettere tagong ta de wrâldmerk. As WireCo ûnderdiel hat it bedriuw in goeie takomst en goeie mooglikheden om fierder te groeien. WireCo fynt Lankhorst nijsgjirrich fanwege de goeie posysje op it mêd fan tou, yndustriële jern en it recyclen fan plastik.

(advertinsje)