Hearrenfean-froulju traapje op 6 septimber Earedifyzjeseizoen ôf

07 aug 2020 - 10:31

It seizoen fan de fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean begjint op snein 6 septimber mei in útwedstriid tsjin Excelsior. Dat hat de KNVB freedtemoarn bekendmakke.

Foto: ProNews

Alle teams begjinne op itselde momint. Op de earste spyldei stiet ek fuort de topper tusken Ajax en FC Twente op it programma. Der sitte acht teams yn de kompetysje. Oan de ein fan it seizoen (18 wedstriden), komme der play-offs. De boppeste fjouwer teams stride om de titel.

De wedstriden yn it frouljusfuotbal wurde dit seizoen foar it grutste part op freedtejûn spile. In pear duellen binne op snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)