Frachtwein mei papier fljocht yn 'e brân op It Hearrenfean

07 aug 2020 - 10:08

Op It Hearrenfean stiet in frachtwein yn brân. De wein stiet op it fiadukt fan de A7 by ôfslach Tsjalbert/IBF Heerenveen. De lading bestiet út balen mei âld papier en it fjoer is dêrtroch dreech út te meitsjen. By de brân komt in soad reek frij.

Foto: CAMJO media

De sjauffeur fan de frachtwein koe de oanhinger noch op 'e tiid loskoppelje fan de kabine. Dizze stiet fierderop by de rotonde. De dyk is ôfsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)