Zuiverloon traint op Skylge

Gianni Zuiverloon hat freed op Skylge foar it earst meitraind mei de seleksje fan SC Hearrenfean. Tongersdei waarden de lêste hobbels yn it kontrakt fan Zuiverloon glêd strutsen, wêrnei't er definityf foar de klup útkomme kin. Hearrenfean hiert de rjochterferdigener (25) foar ien jier fan Real Mallorca.
Zuiverloon spile tusken 2006 en 2008 ek al twa seizoenen foar SC Hearrenfean. Dêrnei kaam er út foar West Bromwich Albion en Ipswich Town yn Ingelân en Real Mallorca yn Spanje. By de lêste klup stiet Zuiverloon noch in jier ûnder kontrakt.