Kollum: "Nuânses"

"Omdat ik lêst wol in pear oeren mei in boer praten ha oer nuânses mar de kollum net te lang wurde kin, kom ik dêr efkes op werom. Ik hie noch in pear fragen, bygelyks oer it soajaferhaal en de Amazône, dêr't omraak bosken kapt wurde om romte te meitsjen foar soajaplantaazjes. De greidbuorkerij krijt gauris it ferwyt dêr ferantwurdlik foar te wêzen omdat soaja ferboud wurdt as feefoer.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Yn dit ferhaal kinne ek in pear nuânses oanbrocht wurde. In soad bisten yn ús lân krije yndied soaja mar dan giet it om it restprodukt, dat ryk is oan aaiwiten. Mar foardat de bisten it krije, is de oalje al út de beannen parse. Dy oalje sit yn margarine, koekjes, snobbersguod, sop, saus, kosmetika, medisinen, ensfh. Ek de de sinneblom- en palmoalje giet nei de humane sektor en it restprodukt nei de bisten.
Soaja komt û.o út Amearika en as alle minsken op 'e wrâld fegetariër wurde soene, dan hiene we in probleem. Der is nammentlik net genôch bougrûn om gewaaksen te ferbouwen dy't ryk oan aaiwiten binne. Yn bygelyks midden-Fryslân kinst ek gjin plantaardige gewaaksen ferbouwe omdat de grûn dêr net geskikt foar is en dat wie 100 jier lyn ek al sa.
Dit spilet oer de hiele wrâld omdat op in soad plakken troch klimaat, soarten grûn, stiennen yn 'e grûn, hellingen en bergen gjin lânbougewaaksen ferboud wurde kinne, mar wol gers. Gers is ek in mearderjierrich gewaaks wylst lânbougewaaksen alle jierren op 'e nij ynsiedde wurde moatte en de grûn ek op 'e nij bewurke wurde moat. Der wurde wol proeven dien om yn ús lân gewaaksen as soaja en lupine te ferbouwen, mar it is net maklik en ekonomysk net oantreklik.
Gers wurdt troch kij, skiep en geiten omsetten ta heechweardige fieding en dat krije wy wer binnen troch it iten fan fleis- en suvelprodukten. Dat it echt om heechweardige fieding giet, wurdt gauris ferjitten. De trend is hjoed-de-dei om it begrutlik te finen dat wy bisten ite en hiel goed yn steat binne allinnich plantaardich ite te kinnen.
Yn prinsipe is dat ek wol mooglik, ast goed witst wêr'tst mei dwaande bist en suppleminten as B12 slikkest. B12 is wichtich foar it oanmeitsjen fan reade bloedsellen en foar in goede wurking fan it senuwstelsels, dochs kinne wy dy fitamine allinnich út fleis, fisk, suvel en aaien helje. Hjoed-de-dei kinst it wol oanfolje mei suppleminten mar yn in tiid dat dy der noch net wiene, moasten minsken wol dierlike produkten ite om sûn te bliuwen.
Ik tink dat de fegetariërs en feganisten dêrom yn de minderheid binne want in soad minsken witte yntuïtyf wol dat se fleis en suvel nedich ha. It is moai dat der no alternativen binne dy't it mooglik meitsje om sûnder dierlike produkten libje te kinnen, mar dy komme amper út ús lân. Yn stee fan de lokale aaien en gehakballen dy't we net ite wolle, binne we ôfhinklik fan oerwaagjend bûtenlânske yngrediïnten en dy wurde hjir net op de bakfyts brocht.
Al mei al is de balâns oeral fier te sykjen en wolle wy dy ea werstelle, dan moatte we mei inoar de skouders derûnder sette, ynstee fan nei elkoar te wizen. Miskien moatte we ek mear mei inoar prate en minder byinoar lâns. Mar ek tankber wêze foar alle oerfloed, al kinne we fansels maklik mei minder ta. Dat de befolking groeit is in feit mar dat net elkenien syn eigen iten ferbouwe kin of wol, ek en dêrom ha ik in soad respekt foar de minsken dy't it al dogge.
Ik betankje Tette Hofstra foar de nuânses en winskje jimme allegear in noflik wykein ta!"