Doweklup Twizelerheide skrast wedstriden om corona: "Minsken binne belangriker"

Doweklup De Gevleugelde Vrienden yn Twizelerheide skrast dit wykein alle wedstriden om't twa leden fan de feriening corona hawwe. De minsken rûnen it firus net op de klup op, mar dochs hat it bestjoer besletten om alle wedstriden ôf te sizzen.
Doweklup Twizelerheide nij
"Dat is net moai fansels, want wy wolle saterdei graach fleane. It fleanen is it belangrykste, mar dat minsken net siik wurde, is belangriker. Dowen binne eins mar in bysaak", fertelt Popke Bosma fan de doweklup fan Twizelerheide. De klup hat dêrom besletten oer te gean op in earder protokol. Dêrby wurde de dowen oanlevere. Ek moatte minsken wachtsje yn harren auto.

Firus net oprûn op de klup

Bosma seit mei klam dat de besmettings net bard binne op de klup: "Wy hawwe alle foarsoarchsmaatregels naam dy't yn it protokol sieten en ús dêr presys oan hâlden." De leden hawwe it firus nei alle gedachten oprûn nei't ien fan harren hannel dreaun hie mei in persoan út in oar part fan it lân dy't corona ûnder de lea hie. Dêrnei waard it firus ek fêststeld by twa leden fan de klup.
De doweklup yn Twizelerheide is dus net in besmettingshurd. Dochs hat de klup besletten alle wedstriden te skrassen. Bosma: "Wy fine it belangryk dat der net mear minsken besmet wurde. De sûnens fan de minsken stiet gewoan foarop."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
By de befreone doweferiening De Zwaluw yn De Westereen gean de wedstriden wol troch. "Yn prinsipe hawwe der by ús gjin besmettings west", leit Theo de Bruin fan De Zwaluw út. "It is wol sa, wy wenje hjir yn in frij lyts gebiet en de dowesportwrâld is in lytse wrâld. Der binne wol ûnderlinge kontakten tusken leafhawwers fan De Heide en De Westereen."
De feriening hie krekt wer wat ferrommings oanbrocht op de klup. Sa wie de kantine bygelyks wer iepen. "Om't wy net wisten wa't kontakt mei elkoar hân hat, dogge wy in stap werom yn it protokol en skerpje wy it wer wat oan. De kantine is ticht en dowen wurde brocht. Sa hast minder kâns op besmetting."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de doweklups
Popke Bosma (Twizelerheide) en Theo de Bruin (De Westereen) © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort