Doeksen set befeiligers yn foar hanthavenjen op mûlkapkesplicht

Doeksen set befeiligers yn op de boaten nei Flylân en Skylge om de mûlkapkesplicht te hanthavenjen. De boaten sitte hieltyd foller en foar it personiel fan de rederij wurdt it hieltyd dreger om minsken te wizen op it dragen fan in mûlkapke.
Doeksen set befeiligers yn nij
Earder spruts allinnich it personiel fan Doeksen minsken oan op it dragen fan de mûlkapkes, mar no ek de ynskeakele befeiligers. "Wij mogen als veerdienst niet handhaven, maar we merken wel dat het voor ons personeel steeds moeilijker wordt en daarom zetten we extra mensen in die surveilleren aan boord", leit direkteur Paul Melles fan Doeksen út.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Befeiligingsbedriuw

De rederij hie dêrfoar in befeiligingsbedriuw benadere mei de fraach oft sy minsken leverje kinne dy't derop tasjogge dat passazjiers harren mûlkapke drage. Melles: "Zij lopen dan met onze eigen mensen extra rondes om mensen consequent aan te spreken en hen te sommeren hun mondkapje te dragen."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Melles merkt dat guon minsken de oanwizings fan it personiel net opfolgje. "Maar voor het ov is heel duidelijk afgesproken dat er mondkapjes gedragen moeten worden omdat de anderhalve meter niet kan worden gehandhaafd aan boord."
Feilichheidsregio Fryslân sjocht der ek op ta dat minsken har dêroan hâlde. As minsken it mûlkapke wegerje op te dwaan, wurdt dat ôfhannele troch de plysje.
Direkteur Paul Melles fan Doeksen