Dronken bestjoerder bedarret hast yn feart yn Terwispel

In beskonken bestjoerder yn Terwispel is tongersdeitejûn hast yn de feart bedarre. De auto kaam ta stilstân yn de reidkraach lâns de Kolderveen yn it doarp.
© CAMJO media
De plysje naam in alkoholtest ôf by de man, dêr't út bliken die dat er te djip yn it gleske sjoen hie. Hy is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.
Hoe't de auto krekt fan de dyk reitsje koe, is net dúdlik. De man rekke net ferwûne.