Bedriuwssammelgebou yn Makkum

13 jul 2012 - 14:49

Makkum krijt in bedriuwssammelgebou. It giet om it eardere ûnderkommen fan de Coöp-supermerk yn it sintrum fan it doarp. It gebou is kocht troch trije ûndernimmers en in partikulier. Dy lêste wol yn in part fan it gebou wenje.

De ûndernimmers ferpleatse har bedriuw nei it gebou of begjinne der in nij bedriuw. Omdat de komst fan it bedriuwssammelgebou past yn it projekt 'Takomstbestindich winkelbestân Súdwest-Fryslân' wol de provinsje dêr mear as in ton subsydzje oan jaan.

(advertinsje)