Vlap tsjin Bijker by start Belgyske kompetysje: "Sta te popelen te beginnen"

07 aug 2020 - 06:02

De Nederlânske earedifyzje begjint pas healweis septimber, mar yn België set de fuotbalkompetysje kommend wykein alwer útein. Der stiet fuortendaliks in wedstriid op it programma mei in Fryske link: it RSC Anderlecht fan Michel Vlap giet op besite by it KV Mechelen fan Lucas Bijker. Der is bliidskip dat de kompetysje wer losgiet. "Ik sta te popelen om weer te beginnen", seit Vlap. Bijker: "Het is fijn dat het weer begint. Het gaat weer om het 'echie' en daar doe je het uiteindelijk voor."

Foto: Orange Pictures

Oant woansdei wie de fraach hoe't it krekt komme soe mei de wedstriid tusken Vlap en Bijker. De wedstriid wurdt spile yn Mechelen en dat leit yn de provinsje Antwerpen, dêr't de lêste tiid in hiel soad nije coronabesmettingen binne. Woansdei hat it regear yn België witte litten dat it wol gewoan trochgiet.

Bijker wennet yn Noard-Brabân, mar reiziget alle dagen nei de klup ta yn Mechelen. Dêr fernimt er net in hiel soad fan de coronamaatregels. "Het grootste verschil is dat iedereen in België met een mondkapje loopt. Als ik in de winkel kom of moet tanken, moet het mondkapje op. Als ik de auto weer instap, kan het mondkapje weer af. Dat is eigenlijk het enige dat je eraan merkt."

"Stap gemaakt"

Snein begjint foar Vlap syn twadde seizoen yn België. It foarige waard der foar syn klup Anderlecht ien om gau te ferjitten. De klup út Brussel einige as achtste. Persoanlik wie it wol in goed jier foar Vlap, dy't nei in drege start syn draai fûn en tsien doelpunten makke. "Ik vind dat ik een stap heb gemaakt, zowel in fysiek als in voetballend opzicht. Ik ben veel veiliger aan de bal. Ik ben hier naartoe gekomen om me te ontwikkelen en ik merk aan mezelf dat ik stappen maak."

De Snitser hopet dat syn klup dit seizoen it paad omheech fynt. "Ik voel dat we een stap verder zijn dan vorig jaar. De bedoeling is dat we doorgaan met hoe we voetbalden op het einde. Doelpunten maken, dominant zijn en mooi voetbal laten zien. Er zit veel kwaliteit in de groep. Ik heb positieve verwachtingen."

Dêr't Anderlecht gewoanwei altyd boppe-yn meidocht, foel dat it ôfrûne seizoen dus ôf. Foar kommend seizoen wol de rekôrkampioen fan België wer boppeyn meidwaan neffens Vlap. "Ik mik zelf op de top 3 en ik weet dat Anderlecht dat ook wil."

Foto: Orange Pictures

Dêr't it foarige seizoen foar Vlap en Anderlecht net goed wie, is dat oars foar Bijker en Mechelen. De klup promovearre yn 2018/2019 fanôf it twadde nei it heechste nivo. Yn it debútseizoen einigen Bijker en syn ploechgenoaten as sechde. "Ik denk niet dat dat reëel is om weer te gaan doen. Zo'n jaar maak je eens in de zoveel tijd mee. Als we in het linkerrijtje kunnen spelen, hebben we het goed gedaan."

Ek persoanlik giet it goed mei Bijker yn Mechelen. It foarige seizoen hat er wol in oantal wedstriden mist, om't er twa kear in skuorke yn syn hamstring hie. Mar oer it generaal is de âld-spiler fan SC Cambuur en SC Hearrenfean tefreden. "Ik heb het hartstikke naar mijn zin. Ik wil fit blijven en zorgen dat ik alles speel. In principe is het mijn laatste contractjaar hier, maar de club heeft nog een optie om te verlengen."

Vlap en Bijker spilen tusken 2015 en 2017 tegearre by SC Hearrenfean. No moetsje se elkoar dus op it fjild yn België. Vlap: "Uiteindelijk kom je mensen altijd weer tegen. Lucas heeft het best wel goed gedaan bij Mechelen. Altijd leuk om tegen Lucas te spelen."

Ik denk dat we niet bang voor Anderlecht hoeven te zijn.

Lucas Bijker

De kâns dat se duels mei-inoar útfjochtsje moatte, is ek behoarlik grut. Bijker is linkerferdigener en Vlap spilet oanfallend op it middenfjild. Bijker: "Voor en na de tijd spreek je elkaar even, maar in het veld maak je voor niemand een uitzondering. De onderlinge duels hebben wij een positieve balans. Vorig jaar speelden we uit bij Anderlecht gelijk en thuis wonnen we, dus ik denk dat we niet bang voor Anderlecht hoeven te zijn."

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)