Fertochte stekpartij wer frij

13 jul 2012 - 14:37

De Ljouwerter (28) dy't fan 'e wike oanhâlden waard fanwege in stekpartij yn Mûnein, oktober 2011, is wer frijlitten. De man soe derby west ha doe't in man (32) fan De Gordyk delstutsen waard nei in hardcorefeest yn Mûnein. It slachtoffer rekke swier ferwûne.

Net earder as doe't de saak oan de oarder kaam yn tv-programma Opsporing Verzocht, yn juny, waarden twa fertochten oanhâlden. Fan 'e wike kaam dêr de 28-jierrige man by. De offisier fan justysje woe dat er yn foararrest bleau, mar de rjochter-kommissaris fynt dat der te min bewiis is.

(advertinsje)