Hoareka-eigener: "Ekstra hanneling, mar it kin der noch wol by"

"Alle gegevens notearje, dat is efkes in hanneling. Mar wy binne dochs al dwaande mei de maatregels, dan kin dat der ek noch wol by." Dat fynt hoareka-eigener Ton Eijer fan Scooters yn Ljouwert. It kabinet kundige tongersdeitejûn ekstra maatregels oan foar de hoareka, om it coronafirus better bestride te kinnen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sa moatte minsken binnen of op it terras beslist in sitplak hawwe, moat der reservearre wurde en wurdt elkenien dus yn it foar frege syn kontaktgegevens efter te litten. As der meardere besmettingen plak fine by in gelegenheid, wurdt dy foar maksimaal twa wiken sletten.
"Oer dat notearjen by de doar, it is even in wurk, mar wy binne al lang wiis dat wy net hielendal ticht hoege", fertelt Eijer. "Der wiene ek kollega's dy't tochten; miskien moatte wy wol wer yn lockdown. Der binne no noch net folle problemen yn Fryslân. Wy hoopje dat it sa bliuwt."
Wol tinkt de hoareka-eigener dat it min nijs is foar saken, as sy bygelyks om tolve oere jûns al ticht moatte soene. "De kafees en de nachthoareka moatte nei tolve oere noch in part fan de omset binnen helje. Guon draaie hast folslein op de nacht. As dat dan net mei, dan kinne sy ek sizze; dan bliuwe wy wol hielendal ticht."

"Minsken komme wol"

Mar dat de klanten de kommende tiid delkomme, dêr is Eijer fan oertsjûge. "Minsken wolle wol út, se wolle wille en gesellichheid ha. Se komme dochs wol, en wy sille dermei omgean moatte. It is net leuk, mar it is net oars."
Eigener Ton Eijer fan hoarekasaak Scooters yn Ljouwert