Flearmûzen ûnder isolaasje bedarre: "Dat begjint ôfgryslik te stjonken"

06 aug 2020 - 22:00

As je ynkoarten dwaande sille om it hûs te isolearjen, sjoch dan efkes goed oft der gjin flearmûzen yn 'e spoumuorre of ûnder it dak sitte. Dêrfoar warskôget de sûchdierferiening. By fûgelopfang de Fûgelpits yn Moddergat kinne se dêroer meiprate. Dy moast koartlyn yn aksje komme doe't der flearmûzen yn in hûs ûnder de isolaasje sieten. Sy koene net mear fuort en wiene tige ferswakke. De flearmûzen binne by de Fûgelpits opfongen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Moddergat stiet allinnich noch in koai fan de flearmûzen. Mar leafst 33 flearmûzen hawwe dêr yn sitten. "Maar die zijn allemaal weer gezond en wel de natuur in gegaan", seit frijwilliger Rinaldo Korst. In moanne lyn waard hy belle troch minsken dy't flearmûzen ûnder de isolaasje fan harren hûs hiene. By in ferbouwing hawwe sy in spoumuorre isolearje litten, mar nei in pear wiken begûn it yn 'e hûs te stjonken.

Net oerlibbe

"Toen ik bij dat huis kwam, zagen we dat er allemaal vleermuizen onder de isolatie zaten. Ze zaten onder de bolletjes en konden geen kant op. Het waren allemaal jonge dieren. De moeder was al verzwakt, want die blijft haar jongeren wel zogen." Inkelde flearmûzen hawwe it dan ek net oerlibbe. Guon âldere bistjes wiene ferswakke en koene net mear op krêft komme. "Die hadden alle energie verbruikt. Die zijn dan ook overleden. We hebben de ouderen en jongeren gescheiden en met de fles grootgebracht."

Foar de frijwilligers fan fûgelopfang de Fûgelpits wie dit de earste kear dat se soks meimakke ha. "Dat is dan ook best wel even schrikken", seit Rinaldo. "Het is in principe te voorkomen door je huis eerst te laten controleren voor je isoleert." Mar dat kostet in protte jild. Dy kontrôle rint al gau rjochting de tûzen euro. "Daarom vind ik ook dat er een soort van subsidie voor moet komen. Dan krijgen we dit soort scenario's niet nog een keer."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Fûgelpits

(Advertinsje)
(Advertinsje)