Ek twa spilers fan VV Dokkum besmet mei it coronafirus

06 aug 2020 - 21:38

Twa spilers fan it earste alvetal fan fuotbalklup VV Dokkum binne besmet mei it coronafirus. Dat skriuwt it bestjoer fan de klup op harren Facebookside. Fanwegen de positive tests sil der by de klup oant en mei 23 augustus net traind wurde en ek wedstriden geane net troch. Dat jildt ek foar de jeugd.

Foto: Shutterstock

Mooglik binne ek mear spilers fan it earste alvetal besmet mei it coronafirus. De klup hat tongersdei kontakt hân mei de GGD. Op basis dêrfan hat it bestjoer besletten dat der de kommende tiid net fuotballe wurde sil.

Wedstriid stillein

Ofrûne sneon waard in fuotbalwedstriid fan VV Kollum noch stillein, om't ien fan de spilers besmet wie mei it coronafirus. Dy spiler wie lykwols net oanwêzich by de wedstriid. Fjouwer ploechgenoaten giene yn karantêne.

Trefwurden: 
Dokkum VV Dokkum coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)