"Thúswurkjen de nije noarm; net allinne foar wurkjouwers, ek foar wurknimmers"

06 aug 2020 - 22:16

"Thúswurkjen wurdt de nije noarm; net allinne foar wurkjouwers, mar ek foar wurknimmers." Dat tinkt Sjoerd Galema, foarsitter fan ûndernimmers-organisaasje VNO-NCW Fryslân. It thúswurkjen hat troch de coronakrisis in ekstra fersnelling krigen, dy't neffens Galema ek yn 'e takomst fierder trochwurkje sil.

Foto: Pexels.com

Der sitte neffens de foarsitter fan VNO-NCW Fryslân in protte foardielen oan it thúswurkjen. "Ik hear in hiel soad positive lûden fan minsken dy't it noflik fine dat se de reistiid kwyt binne", fertelt Galema. "No falt dat hjir yn Fryslân noch wol wat ta, mar yn de Rânestêd binne mear files. As je net krekt witte hoelang't je elke dei ûnderweis binne, dan is thúswurkjen in moai alternatyf."

Njonken dat tinkt Galema dat it ienfâldiger wurde kin om privee en wurk te kombinearjen. "Tink oan de opfang fan de bern, as se tusken de middei thús komme om te iten. Je moatte yn in model komme wat by je past."

Neidielen

Der kinne lykwols ek neidielen sitte oan it thúswurkjen. Wannear binne je krekt klear? En nimme je jûns noch in saaklik telefoantsje oan? As wurknimmers der yn elts gefal in pear dagen thús mei fierder wolle, dan moatte wurkjouwers ek mooglik meitsje dat it wurkjen thús op in ferantwurde wize kin, fynt Sjoerd Galema.

Sjoerd Galema yn it radioprogramma Weistra op wei

Guon minsken jouwe ek oan benammen de sosjale kontakten, dy't se gewoanwei op kantoar hawwe, bot te missen. "De ien mist it sosjale aspekt mear as in oar", tinkt hy. "Benammen allinnesteanden sille der muoite mei ha, mar minsken dy't al in soad sosjale kontakten hawwe, misse it minder, sa hear ik."

Definitive feroaring

Dat der, ek nei de coronakrisis, saken definityf feroarje sille, is neffens Galema wol dúdlik. En, neffens him is dat ek beslist nedich. "Wy hawwe wol wat fêstrustke west yn âlde ferhâldingen. Dizze tiid lit wol sjen dat der mear fleksibiliteit komme moat, en dat dat bêst wolris geunstich wêze kin. It thúswurkjen heart der hielendal by. It sil net hûndert persint thúswurkjen wurde, mar wol in kombinaasje."

(advertinsje)
(advertinsje)