Nije kabel op nije mêsten

Boere-organisaasje LTO Noard is bliid dat de nije heechspanningskabel tusken de Eemshaven oer Fryslân nei Ens oanlein wurdt oer it besteande trajekt. Foardiel dêrfan is dat der net twa rûtes mei heechspanningsmêsten neist elkoar oanlein hoege te wurden.
En dat betsjut wer dat der minder wurke hoecht te wurden op it lân fan de boeren by de rûte. Der moat noch wol praat wurde oer in skeafergoeding foar de boeren fanwege it wurk. Dêr wurdt op lanlik nivo oer ûnderhannele.
De kabels wurde oanlein op it nije mêsttype. De boeren binne oer it generaal goed te sprekken oer it nije type heechspanningsmêst.