Roel Sluiter út namme fan Feilichheidsregio: "Alleen ingrijpen als het noodzakelijk is"

Allinne as it echt needsaaklik is, dan sil de Feilichheidsregio Fryslân de regionale maatregelen nimme dêr't premier Mark Rutte en minister De Jonge tongersdeitejûn it foech foar joegen. Dat seit ferfangend foarsitter Roel Sluiter. De feilichheidsregio's en boargemasters krije fan it kabinet it foech om hurder yn te gripen, bygelyks yn de hoareka of by fuotbalwedstriden, as dêr it coronafirus bot om him hinne gripe kin.
Roel Sluiter © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
"Het is nog heel rustig in Friesland, maar we moeten ons wel afvragen: voor hoelang nog", neffens Sluiter. "Er zijn in onze provincie veel toeristen aanwezig. Het valt hier tot nu toe nog enorm mee. Maar het is goed dat de mogelijkheid er nu is om het coronavirus op regionaal niveau aan te pakken. "

"Niet leuk, wel het verstandigst"

De ferfangend foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân beklammet dat hy der hielendal net op út is om de hoareka earder te sluten, of om fuotbalwedstriden gjin romte te jaan. "Dat soort maatregelen moet je nemen als het noodzakelijk is. Het is niet leuk, maar als het moet is het wel het verstandigst om te doen. Het is goed dat de mogelijkheid er is, maar we nemen deze maatregelen niet met plezier."
Deze maatregelen moeten we alleen nemen als het noodzakelijk is.
Ferfangend foarsitter Roel Sluiter
Minister Hugo de Jonge sei yn de parsekonferinsje dat it 'oan ús is om te bepalen hoe't it firus him gedrage sil'. Neffens Sluiter is dat krekt it punt dêr't wy no binne. "Er begint een urgente situatie op te treden. We moeten het niet zo ver laten komen als in maart en april."
Roel Sluiter yn Weistra op wei
Sluiter hat yn Fryslân gjin lûden heard dat minsken net meiwurkje wolle oan boarne- en kontaktûndersyk fan de GGD. Dat wie ien fan de saken dy't Rutte beneamde yn de parsekonferinsje, dat benammen by jongerein de reewilligens ûntbrekt om dêroan mei te wurkjen.

"Maatwerk leveren"

Ta eintsjebeslút is foarsitter Sluiter wiis mei it foech dat de feilichheidsregio's krije, om ta in mear regionale oanpak te kommen. "De situatie in Friesland is anders dan in Rotterdam. Je kunt wel draconische landelijke maatregelen afkondigen, maar nu kunnen we juist maatwerk leveren."