Rutte yn parsekonferinsje: "Geen tweede lockdown, meer regionale maatregelen"

06 aug 2020 - 19:25

"Het aantal besmettingen neemt al een aantal weken achter elkaar toe en we dreigen de winst te verspelen die we de afgelopen tijd hebben geboekt. Een tweede lockdown willen we niet, en gaat er ook niet van komen." Dat sei minister-presidint Mark Rutte tongersdeitejûn yn de parsekonferinsje oer it coronafirus.

Foto: ANP

Rutte begûn de parsekonferinsje mei in betsjûging fan stipe oan de stêd Beiroet yn Libanon, dêr't dizze wike in grutte eksploazje wie. Al gau dêrnei kaam hy by de oarsaak fan it wer oprinnende tal coronabesmettingen. "Steeds meer mensen houden zich niet aan de basisregels. Zorgwekkend is vooral dat de afstandsregel steeds minder wordt nageleefd, ook thuis."

De minister-presidint hie ek in oprop foar de jongerein. "Als teveel van jullie de regels aan de laars lappen, dan zitten we binnenkort allemaal binnen. Dan ben je een gevaar voor je familie. Corona is niet voorbij, en het is dom om te doen of dat wel zo is. Je bent niet alleen verantwoordelijk voor jezelf, maar ook voor anderen."

Ferantwurdlikheid foar boargemasters

Ut namme fan it kabinet kundige Rutte nije maatregels ôf. Der komt in grutte ferantwurdlikheid te lizzen by boargemasters. Sy krije de romte om te eksperimintearjen mei in mûlkapkesplicht, it ôfsluten fan parkearromte en it oanpakken fan winkelstrjitten. Ek meie boargemasters yngripe by fuotbalwedstriden en mooglik de oanwêzichheid fan supporters ferbiede. Op dizze wize kin it coronafirus op regionaal nivo bestriden wurde.

Ek de hoareka wurdt nije maatregels oplein. Sa moatte minsken binnen of op it terras beslist in sitplak hawwe, moat der reservearre wurde en wurdt elkenien yn it foar frege syn kontaktgegevens efter te litten. As der meardere besmettingen plak fine by in gelegenheid, wurdt dy foar maksimaal twa wiken sletten. Dat jildt ek foar musea en attraksjeparken.

It is de bedoeling dat de lanlike corona-app op 1 septimber oeral yn Nederlân wurket.

(advertinsje)
(advertinsje)