Gesellich drok, mar te min ynkomsten: "By Snits heart de Snitswike"

06 aug 2020 - 18:24

Gesellich drok, mar te min ynkomsten om in goed stik brea te fertsjinjen. Dat is de konklúzje yn Snits nei in wike sûnder Snitswike. Der wie allinnich in merke yn 'e binnenstêd. Elkenien hopet dat it takom jier wer 'gewoan' wêze sil.

Lokoboargemaster Erik Faber sjocht gesellichheid by publyk en ûndernimmers yn 'e stêd. Elkenien hat him sa goed as mooglik oanpast en de sfear is goed. Wat de mindere drokte foar de hoareka en oare ûndernimmers betsjut, doart hy net te sizzen. "Dat moatte we oan de ein fan dit jier mar ris besjen", sa seit hy.

Ferlet fan sfear en ynkomsten

Hoareka-ûndernimmer Peter Goedhart, eigener fan twa hoarekasaken yn Snits is tefreden oer de besite oan syn terrassen. "It sit fol en de minsken ite mear as oars haw ik it idee. Dat is prima", sa seit hy. Mar hy mist de drokte fan de Snitswike fanwegen de sfear, mar benammen ek fanwegen it ynkomsteferlies.

"Oars steane de minsken hjir en hawwe wy in bar op strjitte. Dêr helje je it sparpotsje foar de winter út. Dat is der no net." Goedhart hopet dat der net noch sa'n jier komt. As dat wol it gefal is, slút hy net út dat hy earder ophâldt as oant no ta de bedoeling wie.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Merke-eksploitant Edwin Vader is yn it foarste plak bliid dat de merke trochgien is en dat hy en syn kollega's wer los koene. In ûnferdield sukses wie it net. De earste dagen wie it rêstich en seagen in soad minsken de kat út 'e beam. De ôfrûne dagen wie it drokker en rûn it moai troch, mar net elkenien hat jild fertsjinje kinnen, wit Vader. Hy makket him noch altyd grutte soargen oer de takomst. "Nog zo'n jaar overleeft niemand in onze sector."

"By Snits heart de Snitswike"

Lokoboargemaster Erik Faber fettet it gefoel fan elkenien koart gear. "Wy hoopje fansels dat takom jier alles wer ûnder kontrôle is. Want by Snits heart de Snitswike."

Trefwurden: 
Snits Snitswike coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)