Buma slút drugshûs yn Warten nei it finen fan harddrugs

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat tongersdei in hûs oan de Taanpôle yn Warten slute litten, omdat der earder dit jier harddrugs fûn binne. De plysje hie it hûs trochsocht yn it ramt fan in langrinnend ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel en wytwaskjen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn dat ûndersyk is in transport fan 86 kilo amfetamine ûnderskept dat fan Fryslân ûnderweis wie nei Finlân. It hûs hie mids july al sletten wurde sillen, mar de bewenner wie it dêr net mei iens en stapte nei de rjochter. Dy hat boargemaster Buma yn it gelyk steld. It hûs bliuwt in heal jier ticht.