Waadsee-ûndersikers: wjirm mooglik grutte bedriging foar oesterpopulaasjes

Undersikers fan it NIOZ, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee, hawwe in parasitêre wjirm oantroffen yn 'e Waadsee, dy't foar oesters hiel ferfelend is. Seis jier ferlyn wie der al in fermoeden fan it bestean fan de wjirm en dat is no befêstige troch ûndersyk.
© Dagmar Lackschewitz
De wjirm - mei de wittenskiplike namme Polydora websteri - is troch de ûndersikers oantroffen by Sylt, yn it Dútske part fan it Waadgebiet en by Teksel, mar se ferwachtsje dat de wjirm al op folle mear plakken yn 'e Waadsee foarkomt. De wjirm is in saneamde 'invasieve soort' dy't nei alle gedachten fia ymport fan oesters meikommen is.

Fersprieding yn kaart bringe

De ûndersikers nimme de kommende tiid meunsters yn Nederlânske en Europeeske wetters om yn kaart te bringen wêr't de wjirm krekt foarkomt. De ferwachting is dat der hieltyd mear fan sokke wjirmen komme sille.
De wjirm boarret gatsjes yn 'e skelp fan oesters en feroarsaket swarte blierren. De oester moat dan syn skelp wer reparearje en dat kostet in soad enerzjy, sadat de oester ferswakt rekket en kwetsber is as proai. As in oester oantaast is troch de wjirm, kin dy net mear brûkt wurde foar de konsumpsje.