Bereining fan sportkompleksen Eaststellingwerf tenei fia de kompjûter regele

By fjouwer sportkompleksen yn Eaststellingwerf is in automatyske bereiningsynstallaasje oanlein. De fjilden kinne no jûns of nachts bereind wurde. Troch de drûge simmers fan de ôfrûne jierren is dat faak needsaaklik, omdat de gersmatten oars net goed bliuwe.
Fuotbalfjild © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It giet om de sportfjilden fan Easterwâlde, Appelskea, Donkerbroek en Haulerwyk. Earder waarden dizze fjilden ek wol spuite, mar dat diene frijwilligers oerdeis, wat in soad tiid yn beslach naam. Boppedat ferdampt it wetter oerdeis al gau wer.
De kompjûter regelet it no, yn 'e jûntiid of nachts. De automatyske bereiningsynstallaasje besparret de gemeente in soad wetter.