Lieuwe Westra wer op 'e Tynje

13 jul 2012 - 12:47
  • Lieuwe Westra wer thús op 'e Tynje

Hurdfytser Liuwe Westra is sûnt freedtemoarn wer thús yn De Tynje. De renner fan Vacansoleil stapte tongersdei út de Tour de France. Troch trije falpartijen hie er te folle lêst fan syn heup krigen.

Rêst moat der no foar soargje dat 'it bist' Westra oer in pear wike wol optimaal meidwaan kin oan de Olympyske Spelen yn Londen. Dêr sil Lieuwe Westra meidwaan oan de yndividuele tiidrit en de weiwedstryd.

(advertinsje)