Maresjaussee pakt Fryske boerinne op dy't mei de trekker oer fleanfjild Eelde ried

06 aug 2020 - 16:01

De resjerzje fan de Koninklijke Marechaussee hat tongersdei in 36-jierrige frou út de gemeente Achtkarspelen oanhâlden. Sy hat mei de boereprotesten fan ferline moanne mei in trekker op it fleanfjild fan Eelde riden.

Foto: ANP

De frou waard oanhâlden foar it yn gefaar bringen fan de loftfeart en foar fernieling op Groningen Eelde Airport. Se is yntusken frijlitten, mar bliuwt fertochte yn 'e saak. De resjerzje slút net út dat der noch mear oanhâldingen folgje.

Fleanfjild op

Op 2 july dit jier demonstrearren meardere boeren yn 'e omjouwing fan it fleanfjild. Nei de demonstraasje rieden tsientallen demonstranten mei harren trekkers de start- en lâningsbaan op. Dit soarge foar in tige gefaarlike situaasje. Ek de baanferljochting rekke skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)