Plantinga op list Brinkman

13 jul 2012 - 12:35

De Ljouwerter Paul Plantinga is de heechte Fries op de nije list fan de politike partij fan Hero Brinkman. Freed presintearre it Democratisch Politiek Keerpunt har kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings fan septimber.

Plantinga stiet op it 21e plak. Hy hat in finansjeel advysburo yn Ljouwert. De âld-PVV'er Brinkman foarmet op it stuit in ienmansfraksje yn de Twadde Keamer.

(advertinsje)