Leeuwarden Student City makket him gjin soargen oer yntroduksjewike

06 aug 2020 - 12:30

Carin van der Meij, direkteur fan Stichting Leeuwarden Student City makket har gjin soargen oer de plannen foar de yntroduksjewike yn Ljouwert. Neffens insiders sille premier Mark Rutte en Hugo de Jonge yn de parsekonferinsje tongersdeitejûn ûnder oare harren maatregels foar it nije skoaljier bekend meitsje. De grutte fraach by Leeuwarden Student City is fansels oft de yntroduksjewike trochgean mei. "Ik verwacht geen problemen voor onze plannen", seit Van der Meij.

Foto: Omrop Fryslân

De ôfrûne wiken waard der op it kantoar fan Leeuwarden Student City mei man en macht wurke oan it skriuwen fan de draaiboeken foar in coronaproof yntroduksjewike foar nije studinten fan NHL Stenden hegeskoalle en RUG/Campus Fryslân. Direkteur Van der Meij bliuwt posityf oer de kânsen dat de yntroduksje yn Ljouwert gewoan trochgean kin. "We hebben geen activiteiten in de stad. En we bieden de activiteiten in blokken aan, zodat studenten genoeg ruimte hebben."

Sykje nei lykwicht

Leeuwarden Student City docht der alles oan om de yntroduksjewike nettsjinsteande alle maatregels dochs trochgean te litten. Van der Meij: "Het is zoeken naar het juiste evenwicht. Als je een nieuwe studie begint en in een nieuwe stad gaat wonen, is het belangrijk dat je eerste indruk heel positief is. Daarom hebben we ons best gedaan om dat binnen de gestelde kaders toch mogelijk te maken. We hebben er voor gekozen om een positief gevoel op te wekken wanneer de studenten voor het eerst kennis met elkaar maken."

ISO-stipe

Stichting Leeuwarden Student City krijt stipe fan it Interstedelijk Studenten Overleg (ISO). It ISO ropt op om yntroduksjewiken perfoarst net te skrassen, mar krekt lykas yn Ljouwert te sykjen nei maatwurk. "Juist aan het begin van je opleiding is het van belang om meteen een band te hebben met je instelling, je medestudenten en de plaats waar je gaat studeren", sa seit ISO-foarsitter Dahran Çoban.

(advertinsje)
(advertinsje)