Boargemaster Kramer slút hûs yn Kollum fanwegen harddrugs

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân hat tongersdei in hûs oan de Meckamastrjitte yn Kollum tichtsmiten, fanwegen in oertrêding fan de Opiumwet. Yn it gebou waard ein maaie harddrugs fûn en materiaal om GHB te meitsjen.
© De Vries Media
Kramer woe it gebou heal july al slute litte, mar de bewenner wie it der net mei iens en stapte nei de rjochter. Dy joech Kramer lykwols gelyk. "De produksje fan en hannel yn harddrugs hawwe in grutte ympakt op de feiligens en leefberens yn ús gemeente", seit Kramer. "Ik pak dit dan ek stevich oan."