Vitens is klear foar de waarmte: "We moeten met z'n allen voorkomen dat de bodem in zicht komt"

06 aug 2020 - 12:14

Mear wetter drinke, faker dûse of it swimbad folje: mei de waarme dagen brûke wy mei ús allen hiel wat wetter deis. Wetterbedriuw Vitens warskôge yn april al om ferstannich mei wetter om te gean. Mei de hjitteweach foar de doar jout Vitens in oantal advizen oer hoe't wy omgean moatte mei ús wettergebrûk. Cornelis Vlot fan Vitens: "Met z'n allen moeten we voorkomen dat de bodem van onze watervoorraad in zicht komt."

De wetterkraan - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mei de waarme simmers fan ferline jier en yn 2018 is Vitens yntusken al aardich betûft yn it tarieden op in hjitteweach. Vlot: "We hebben ons zeker voorbereid, maar we kunnen dit niet alleen. We zijn afhankelijk van iedereen die de kraan opendraait. Daarom hebben we drie tips. Heb je een zwembad, zorg dan voor goede zuivering in plaats van elke keer het bad opnieuw te vullen. Kies daarnaast voor sproeien van de tuin in de vroege ochtend of 's avonds laat. En de derde tip is om een minuutje korter te douchen. Daarmee besparen we samen water."

Pykferbrûk

Yn Nederlân ha wy it gelok dat we in soad wetter ha. Echte soargen hoege wy ús dan ek net te meitsjen, stelt Vlot ús gerêst. "Nederland heeft heel veel water, maar als het heel erg warm wordt en veel mensen de kraan tegelijkertijd openzetten, kan dat leiden tot piekverbruik, waardoor ons watersysteem het moeilijk krijgt."

It helpt om hjir dúdlik oer te kommunisearjen, fernimt Vlot. "Mensen begrijpen heel goed dat ze zelf een steentje bij kunnen dragen aan het watergebruik. Dat stemt ons positief. Drinkwater is een kostbaar goed, dat moet je goed zien te verdelen."

Cornelis Vlot fan Vitens

(advertinsje)
(advertinsje)