Aptekers sikehûs Nij Smellinghe meitsje sels hânalkohol

06 aug 2020 - 12:00

De aptekers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten produsearje folop hânalkohol neffens eigen resept. Yntusken binne der al sa'n seistûzen flessen fan in heale liter makke. It inisjatyf is út need berne, omdat de hânalkohol by it útbrekken fan it coronavirus net te krijen wie. Boppedat is it fan in hege kwaliteit en dat is ek nedich yn in sikehûs. Bygelyks yn de operaasjekeamers.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Net elkenien mei samar hânalkohol meitsje dat brûkt wurdt yn sikehûzen. Mar de apteek fan Nij Smellinghe hat de kennis en de middelen yn hûs om it resept te meitsjen. Om de hânalkohol te meitsjen is in soad alkohol nedich. Dit yngrediïnt is brângefaarlik. Dêrom wurdt de alkohol net bewarre yn it sikehûs, mar yn in feilige saneamde plofkontener bûten it sikehûs.

Yn twa dagen tiid meitsje de meiwurkers fan de apteek fan Nij Smellinghe sa'n 600 liter hânalkohol. Yntusken wurdt de hânalkohol fan it Drachtster sikehûs ek levere oan húsdokters, ferpleechhûzen en oare sikehûzen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dick Bloemhof, haad apteek Nij Smellinghe

(advertinsje)
(advertinsje)