Fernández tekenet kontrakt fan trije jier by SC Hearrenfean

06 aug 2020 - 11:40

Joaquín Fernández tekenet in kontrakt oant 2023 by Sportklup Hearrenfean. De Fryske klup hat de Oerûguayaanske ferdigener tongersdei presintearre. Hy makket de oerstap fan RA River Plate út Montevideo. Fernández traint tongersdei fuortendaliks mei.

Ferdigener Joaquín Fernández:

Fernández (21) is in linker sintrale ferdigener. Hy hat twa wedstriden spile foar Oerûguay ûnder de 20. Hy hat net allinnich in Oerûguayaansk, mar ek in Italiaansk paspoart. Dêrtroch kostet er Hearrenfean minder jild, want spilers fan bûten de EU moatte in heger lean ha.

Joaquín Fernández - Foto: Martin de Jong Fotografie

"It is foar my in dream dy't útkomt. Dit is de belangrykste dei fan myn libben." Fernandez is nochal bliid mei syn nije klup. Hy wit fan Hearrenfean dat se in goeie jeugdoplieding ha en graach jonge spilers better meitsje. "Ik bin sels in technyske fuotballer, mar ek wol hurd. Oerûguayaanske fuotballers stean der wol bekend om dat se hurd en sels wat gemeen binne."

Technysk manager Gerry Hamstra:

"Iedereen weet dat we op zoek waren naar een linker centrale verdediger", seit technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean. "Via ons netwerk zijn we bij Joaquin terechtgekomen. Hij is een sterke en voetballende verdediger die over de juiste agressie beschikt. We zijn blij dat hij ervoor gekozen heeft om bij ons zijn Europese avontuur aan te gaan."

Hearrenfean siket no noch in sintrale ferdigener, in doelman, in oanfallende middenfjilder en in spits.

Joaquín Fernández en Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)