'Jou Ljouwert-Swolle ek frij'

13 jul 2012 - 12:16
  • Harkje nei Anne Hettinga

It is hiel spitich dat minister fan Melanie Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer it spoar fan Swolle nei Ljouwert net frijjaan wol foar Arriva en oare ferfiersbedriuwen. Dat seit direkteur Hettinga fan Arriva yn syn rol as foarsitter fan de Federaasje Mobiliteitsbedrijven Nederland.

No is de NS noch ferantwurdlik foar it treinferfier nei it noarden, mar de minister wol de lijn fan Swolle nei Grins wol iepenstelle foar oare ferfierders. Hettinga fynt it net logysk om de lijn nei Ljouwert dan net iepen te stellen.

Neffens Anne Hettinga is it lêste wurd oer dizze kwestje noch net sein. Arriva hat yn prinsipe waarme belangstelling foar de lijnen dy't de minister iepenstelt foar oare ferfierders.

(advertinsje)