Skier siket fjoertoerwachters

13 jul 2012 - 11:51

Rykswettersteat is begûn mei it sykjen fan sân fêste krêften foar de fjoertoer op Skiermûntseach. No sitte der faak fjoertoerwachters fan 'e Brandaris op Skier. Fierder binne der minsken mei in tydlik kontrakt.

Rykswettersteat hie earst plannen om de toer fan Skiermûntseach te sluten en it beweitsjen fan de Waadsee mei kamera's te dwaan. Dat giet net troch. Dat der no ek fêst personiel komt, is foar it eilân fan grut belang, seit boargemaster Sjon Stellinga fan de gemeente Skiermûntseach.

(advertinsje)