Auto-belienbedriuw yn Ljouwert

13 jul 2012 - 11:18
  • Beharkje ús reportaazje

By it Ljouwerter autobedriuw Van Schaik kinne minsken dy't tydlik jild nedich hawwe harren auto beliene. Tsjin 15 persint rinte kin de auto dan binnen fjouwer wiken weromkocht wurde. Sa net, dan giet de auto yn de ferkeap. Oant no ta bart dat mei goed 30 persint fan de auto's.

Yn de tiid dat de auto by Van Schaik stiet nimt it bedriuw ek de fersekeringskosten en de wegebelesting oer. Ek foar boaten en karavans bestiet sa'n selde regeling by it bedriuw. Van Schaik is de iennichste yn Nederlan dy't dit docht.

(advertinsje)