Nije slûsdoarren Grachtslûs

13 jul 2012 - 11:09
  • Beharkje ús reportaazje

By Munnekebuorren binne freedtemoarn twa nije slûsdoarren yn de Grachtslûs hongen yn opdracht fan de Stifting Waterschapserfgoed. De slûs út 1930 wurdt op inisjatyf fan minsken út de streek opknapt sadat de histoarje fan de Grutte Feanpolder wer sichtber wurdt. Troch de slûs hat in soad turf en reid it gebiet ferlitten.

In grut ferskaat oan organisaasjes en ynstellings hat jild jûn om de renovaasje mooglik te meitsjen. It wurk moat dizze hjerst klear wêze. Dan kinne je der lykwols net mei de boat trochhinne. Dy funksje komt net mear werom.

(advertinsje)