Plysje hâldt 3 stappers oan

13 jul 2012 - 11:03

De plysje hat tongersdeitenacht trije stappers oanhâlden op it Ruterskertier yn Ljouwert. In man út Swolle (23) foel de plysje op, omdat er tsjin fytsen en doarren trape. Doe't er ek noch in ferkearsboerd omtrape, waard hy troch de plysje oansprutsen.

Foar in twadde man út Swolle (22) wie dat oanlieding om de plysje út te skellen. Hy waard dêrom ek oanhâlden. In Ljouwerter (22) filme it ynsidint mei syn mobyltsje en besocht oare stappers ta aksje oan te setten. Hy waard oppakt foar it fersteuren fan de oarder.

De trije fertochten waarden oerbrocht nei it plysjeburo. De 23-jierrige waard freedtemoarn om 7 oere hinne fuortstjoerd mei in bekeuring foar iepenbiere dronkenskip en baldiedich gedrach. De twa oaren sitte noch fêst.

(advertinsje)