Man bedarret ûnder muorke

13 jul 2012 - 10:45

Yn Hoarnstersweach is freedtemoarn in man ferwûne rekke doe't er ûnder in muorke terjochte kaam. De man wie oan it wurk yn in nijbouwente. Hoe't it muorke krekt omfalle koe wurdt noch ûndersocht. It liket der op dat de man net slim ferwûne rekke is. Hy is wol oerbrocht nei it sikehûs.

Yn earste ynstânsje waarden ek de brânwacht en in traumahelikopter nei it hûs oan de Bij de Leijwei stjoerd, mar dy waarden ôfbesteld doe't bliken die dat it tafoel.

(advertinsje)