Hearrenfean en Zuiverloon iens

13 jul 2012 - 10:39

Sportklup Hearrenfean hat mei Real Mallorca in akkoart berikt oer Gianni Zuiverloon (25). De ferdigener wurdt it kommend seizoen hierd fan de klup. Zuiverloon spile earder ek foar Hearrenfean, mar gie yn 2008 nei West Bromwich Albion. Yn 2011 gie er oer nei Real Mallorca, mar dêr waard er amper opsteld.

Zuiverloon is ôfrûne moandei keurd. No't it akkoart der is slút er him sa gau mooglik oan by it trainingskamp dat Hearrenfean op dit stuit hâldt op Skylge.

(advertinsje)