Dôfhûdige automobilist al 13 kear pakt foar riden sûnder rydbewiis

06 aug 2020 - 09:57

In 28-jierrige man út Gerkeskleaster is woansdei yn Ljouwert oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. It wie al de fiifde kear sûnt maaie dat de man hjir foar oanhâlden waard. Yn totaal is de dôfhûdige automobilist hjir al 13 kear foar oan de kant set. Syn auto is om dy reden yn beslach naam.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

Plysjes seagen de man woansdeitemiddei riden op de A31 en woene him oan de kant sette. De man naaide mei hege snelheid út en ried om in plysjeblokkade op de Harnzerstrjitwei hinne. Yn Ljouwert sette de man syn auto oan de kant fan de dyk en besocht rinnend út te naaien. Plysjemannen koene de man op de Wagnerstrjitte oanhâlde.

De fertochte rûkte nei himp, mar wegere om mei te wurkjen oan in bloedproef. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)