Barbecue, fleis en túnset rôve

13 jul 2012 - 10:27

De plysje ûndersiket de stellerij fan in túnset yn Frjentsjer. De tafel mei banken en stuollen stie yn de tún by in hûs oan it P.J. Oudplein. Ut de tún waarden ek in swarte gasbarbecue en in frouljusfyts meinaam.

Yn it hûs sels waard ek in partij fleis út de friezer helle. It guod waard stellen yn de nacht fan woansdei op tongersdei. De 51-jierrige bewenster hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
stellen barbecue fleis túnset
(advertinsje)