Kollum: "Booking"

06 aug 2020 - 08:14

"Geert-Jan Bruinsma is berne yn Skearnegoutum, it doarp dêr't ik grut wurden bin. Mooglik ha we inoar wolris troffen, mar we skele nochal wat jierren. Hy ferliet Fryslân om yn Twinte Technyske Bedriuwskunde te studearjen. As er in jier as tritich is, is er krekt ôfstudearre en komt in freon mei in sneu ferhaal oer in mislearre fakânsje. En sa betinkt de Fries op dy jûn it idee foar in website foar hotelboekingen.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Noch deselde dei claimt hy de URL 'bookings.nl'. Lang ferhaal koart: dit wie de berte fan booking.com, in miljardebedriuw dat no hûnderten kantoaren oer de hiele wrâld hat. Bruinsma hat syn oandielen yn 2003 al ferkocht, en neffens RTL Nieuws hat er dêr doe 17 miljoen euro oan oerhâlden.

It binne fansels gjin maklike tiden foar hotelboekers. De merk is ynstoart troch de maatregels tsjin de fersprieding fan corona. Booking.com is yn 'e problemen kaam. Mar oerkoepeljende holding The Priceline Group hat noch altyd in beurswearde fan sa'n 70 miljard dollar.

Booking.com hat gebrûk makke fan de NOW-regeling, de coronahelp foar bedriuwen wêrtroch't se mei oerheidsstipe lean trochbetelje kinne. Yn it begjin fan dy regeling wie ien fan de betingsten dat je gjin minsken ûntslaan meie. Booking.com is in grutte wurkjouwer. It is de op ien nei grutste wurkjouwer fan Amsterdam, mei 5.500 minsken yn tsjinst. Sa komt it dat Booking.com, nochris: beurswearde 70 miljard dollar, yn de ôfrûne moannen 65 miljoen euro oan stipe fan de Nederlânske oerheid krigen hat. En fan 'e wike waard bekend dat Booking.com in kwart fan 'e minsken dien jout.

Fun fact: booking.com is in nij haadkantoar oan it bouwen. Nêst it sintraal stasjon yn Amsterdam, oan it wetter fan it Oosterdok. In ûneachlike en pronkerige glêzen bak, dy't der krekt sa útsjocht as je tinke dat nije kantoaren fan jonge bedriuwen mei tefolle jild der útsjogge. Te grut, net passend op it plak en ûnmooglik om te bouwen. Se dogge der al jierren oer en foar it ferkear yn 'e omjouwing is it in ramp. Hawar. 270 miljoen euro moat it kostje. It giet troch, sizze se. Al bin ik benijd wa't úteinlik opdraaie mei foar de kosten, as se dochs fallyt gean. En ik soe it wol witte as ik oannimmer wie en belle waard om in putsje te dwaan op dat bouplak.

Heal maaie skreau NRC in stik oer it ein fan it feest by Booking.com. Se hiene dêr in eigen feestboat, oan budzjetten waard net dien en by de personielsfeesten wie neat te gek. Foar harren freedtemiddei-borrels hierden se in stik as wat kroegen ôf. What could possibly go wrong? Der waarden hûnderten miljoenen winst makke. As sokke winsten makke wurde, dan freegje ik my altyd efkes ôf wêr't dat jild wei komt.

Dat is net sa dreech: booking.com makket ôfspraken mei hotels oer de prizen. De leechste fansels, en booking.com ferbea hotels earne oars keamers foar legere prizen oan te bieden. Mei net mear fan Europa, mar sa koene hotels net mear om booking.com hinne. Dêrnei mochten hotels kommisje ôfdrage oan booking.com, tusken de 12 en 18 prosint neffens Quote.

Fansels komt it úteinlik by de konsumint wei, dy't de hoteloernachting betellet. Earst gie dat jild direkt nei it hotel sels, dy't der personiel fan betelje. No sit der in nije 'middleman' tusken, in bedriuw fan yntusken 70 miljard dollar. Dy't neat oan dyn hoteloernachting bydraacht, útsein de skyn datst goedkeaper út bist. Dy 70 miljard is net útjûn oan in better ferbliuw yn it hotel. De wûnderlike wei fan it jild.

Quote skreau ek oer in searje oan lukrative 'taks rulings' dy't booking.com mei de fiskus ôfprate. Dêrtroch krigen se allinnich al yn 2018 in koarting fan 385 miljoen euro. Mei eardere jierren der by komt Quote op 1,8 miljard oan oerheidsstipe. Dat is mear as trije ton per Nederlânske wurknimmer fan booking.com. We stiene der by en we seagen der nei. En ik mummelje noch wat oer de 'Kindertoeslagaffaire'.

Booking.com is ien fan de grutste technologyske suksessen fan Nederlân en in wrâldwide spiler yn de hotellerij. Se binne ek in rachel yn it gesicht fan elkenien dy't wolris in blauwe slúf krigen hat. Gjin wûnder dat de Fryske betinker fan dit bedriuw, it nei sân jier al ferlitten hat.

Op Booking.com kinst de âld-pastorij fan Skearnegoutum boeke. Foar 85 euro per nacht. Mar ast op de eigen webside boekst, is it goedkeaper."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)