Skipper Albert Idzinga: "It roer moat om yn de charterfeart"

06 aug 2020 - 07:38

De Floatdagen yn Harns of Sail yn Amsterdam: allerhanne nautyske eveneminten binne skrast fanwege corona. Gewoanwei hie skipper Albert Idzinga der by west mei syn coaster Varia Nova. No fart hy mei it grutte skip troch Fryslân. Op dy wize wol Idzinga omtinken freegje foar syn farrend kultureel erfgoed en tagelyk minsken bewust meitsje fan miljeubewust farren. "It roer moat om yn de charterfeart."

De Varia Nova is in opfallend grut skip, dat op in soad belangstelling rekkenje mei op it wetter. Skipper Albert Idzinga: "It skip eaget hiel grut, dus it smyt dochs in bytsje spektakel op as wy troch Fryslân farre. Mar dat ha wy ek wol nedich", laket er. "Wy ha in stichting oprjochte om donateurs te krijen om wat jild yn it laadsje te struien. De charterfeart hat it dreech op dit stuit, want wy meie noch altyd net mei gasten farre."

De Varia Nova is in Deensk seeskip. It hat jierrenlang floeiber gas ferfierd út Denemarken wei. In opfallende lading, benammen omdat Idzinga no bewust kiest foar duorsum farren. Dêr kin er noch wol wat finansjele stipe foar brûke. "In hiel soad saken fan de ynstallaasje moatte ferfongen wurde en dat wolle wy sa duorsum mooglik dwaan. It skip lient him hiel goed foar duorsum farren om't de masinekeamer moai rom is. Wy wolle in foarbyld wurde foar oare skippers."

Wa't de Varia Nova farren sjocht, kin rekkenje op spektakel. Idzinga: "Wy farre oer de Dokkumer Ie Ljouwert wer út en komme dan oer Burdaard. Dat is ek in smel stikje, dus dat wurdt noch efkes spannend. Mar it moat slagje."

Skipper Albert Idzinga

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
(advertinsje)
(advertinsje)